Steun ons en help Nederland vooruit

maandag 30 oktober 2017

D66 wurdearret meartaligens en de Fryske kultuer

Yn de Ljouwter krante fan 30 oktober:

D66 wurdearret meartaligens en de Fryske kultuer

Eefkes foarstelle. Ik bin Sjirk Bruinsma, jong, Frysk en fraksjesekretaris fan D66 Smellingerlân. Pakesizzer fan twafâldich winner fan de Obe Postmapriis. Op it Drachtster Lyceums skoalle ha ik mei de dosint it fak Fryske taal en kultuer opnij ynrjochte, sadat it fak better by learlingen oanslút en op de eigentiidske wize jûn wurdt. Ommers, we either use it or lose it.

Dêrom ferbaasde my it stik fan 26 oktober jl. oer it “benepen D66”. D66 fynt it nammentlik júst moai dat de FNP mei in ynitsjatyfútstel komt. Mar de toan yn dit Inisjatyfútstel Taalbelied wie wat de steunfraksje fan D66 oanbelanget te oantwingend.

D66 fynt it logysk dat as minsken kontakt opnimme mei de gemeente yn it Frysk dat de reaksje dan ek Frysk is en dat is ek al sa. It inisjatyfútstel giet fierder as dat. De FNP fynt nammentlik dat alle meiwurkers fan de ôfdieling kommunikaasje it Frysk skriuwe, lêze en prate kinne moatte! Dat betsjut dat ek meiwurkers dy’t gjin Fryske parseberjochten skriuwe ek twongen wurde om it Frysk te behearskjen.

Dêrnêst stelt it útstel foar om bernedeiferbliuwen te twingen om it Frysk te brûken. It is dêryntsjin foar de organisaasje yn in bernedeiferbliuw al lestich genôch om de saak rinnende te hâlden sûnder  it Frysk. As bernedeiferbliuwen op in leechdrompelige wize bern yn de kunde komme litte mei it Frysk dan binne wy dêr natuerlik net op tsjin. Oars kinne bern folle better op de basisskoalle it Frysk leare. Dêr kin op leechdrompelige wize in yntroduksje jûn wurde oan de taal, as wy dêr op ynsette. Dêrnêst sit it eksamenfak Frysk op it middelber ûnderwiis stadich yn de lift. It is saak om dy groei te stypjen en troch te setten.

Dat is wat wy dwaan moatte, gearwurkje en stypje. Net minsken dingen oplizze dy’t hast ûnmooglik binne. De oerheid kin better meitinke om it Frysk en de Fryske identiteit te behâlden. Want, lykas altyd yn it libben, fan boppe ôf moat it net komme, mar fan ûnderop, bygelyks troch kulturele ynstânsjes lykas Tryater. Dêrom makket D66 him sterk foar in brûzjende kulturele sektor. En dêrom wolle wy graach mei de FNP yn gesprek om de taal libbend te hâlden. Sa kin elkenien op syn eigen wize genietsje fan it prachtige Frysk, dat wy graach hearre, sjogge en sels ek graach brûke!

Sjirk Bruinsma
Fraksjesekretaris D66 Smellingerlân