Steun ons en help Nederland vooruit

vrijdag 18 december 2020

Roy Postma nije fraksjefoarsitter D66 Smellingerlân

DRACHTEN – De D66-fraksje yn Smellingerlân wikselt per 1 jannewaris 2021 fan fraksjefoarsitter. Riedslid Roy Postma út Drachten nimt it stokje oer fan hjoeddeisk fraksjefoarsitter Ron van der Leck. Dat makke de partij freed bekend.

Dit bericht in het Nederlands lezen.

Van der Leck fynt dat it tiid is foar fernijing. Hy is dwaande mei syn lêtste termyn yn de gemeenteried. Fan de perioade 2014-2018 wie hy wethâlder, derfoar wie d’r ek al ris fraksjefoarsitter.

Postma is sûnt 2018 riedslid. Hy wurdt de jongste fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Smellingerlân. De berne Drachtster is bliid dat hy dizze taak op him nimme mei: ‘It tsûget fan grut betrouwen dat Ron en de leden my dizze taak tabetrouwe. Fol goede moed geane wy rjochting de Twadde Keamerferkiezings en bliuwe wy ús lokaal ynsetten foar in sosjale en duorsume gemeente, wêr’t eltsenien frij is om jinsels te wêzen.’

De ôfrûne jierren sette Postma him al súksesfol yn foar ûnder oare it ferromjen fan de winkeltiden, it útwreidzjen fan lieningen foar de ferduorsuming fan wenten, de útwreiding fan it skatepark en de lokaasje fan it nije swimbad. Neist syn riedslidmaatskip wurket hy as beliedsmeiwurker op de ôfdieling Ekonomyske Saken by de gemeente It Hearrenfean. Hy is koartdeis ôfstudearre yn Juridyske Bestjoerswittenskippen by de Ryksuniversiteit Grins.

Van der Leck bliuwt wol aktyf as riedslid. ‘Het is nu tijd om het stokje over te dragen aan een nieuwe generatie. Ik ben blij dat we binnen onze partij veel talent hebben en heb er alle vertrouwen in dat Roy Postma het vlekkeloos van mij kan overnemen,’ seit Van der Leck.