Steun ons en help Nederland vooruit

woensdag 7 april 2021

Ofskied fraksjefertsjintwurdiger by D66 Smellingerlân

DRACHTEN – De D66-fraksje yn Smellingerlân moat it per 7 april sûnder fraksjefertsjintwurdiger Sjirk Bruinsma dwaan. Fanwege in nije baan as beliedsmeiwurker by de D66-fraksje yn de Provinsjale Steaten sil hy ferfongen wurde troch âld-riedslid Raf Pronk. Dat makke de partij tiisdei bekend.

Jierrenlang wie Bruinsma in driuwende krêft binnen de ôfdieling fan de partij, dy’t de ôfrûne ferkiezings foars wûn hat. Neffens fraksjefoarsitter Roy Postma is it in gemis foar de ôfdieling Smellingerlân, mar in oanwinst foar D66 yn de Provinsjale Steaten. De fraksjefoarsitter yn de Provinsjale Steaten, Bea Bijlsma, slút har dêrby oan: ‘Sjirk is jong, entûsjast, en alderstoarmst dreaun en hat ynmiddels de nediche ûnderfining. In weardefolle tafoeging oan ús fraksje’.

It frijkommen plak as fraksjefertsjintwurdger wurdt ynnommen troch Raf Pronk, wenjend te Houtigehage, dy’t yn de perioade 2014-2018 al riedslid wie foar de partij. Dêrmei leveret de partij no sawol de jongste as âldste folksfertsjintwurdiger yn de ried.

Skiedend fraksjefertsjintwurdiger Bruinsma tinkt dat it wol goed komme sil mei de ôfdieling: ‘Der steane in soad nije minsken klear om it stokje oer te nimmen, sawol jong as âld. De partij stiet der no in stik better en profesjoneler foar as in pear jier lyn, ree om te bestjoeren’.